Fuotbalakademy foar famkes

23 des 2013 - 12:54
  • De earste training fan de fuotbalakademy foar famkes

Talentakademy Noard, in inisjatyf om fuotbalfamkes út it Noarden te begelieden, is moandei offisjeel fan start gien. Sa'n 65 famkes tusken de 8 en 12 jier út Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân kamen nei it fuotbalfjild fan Nijhoarne foar in fuotbalklinik fan de froulju fan SC Hearrenfean.

De akademy is oprjochte omdat Stichting Vrouwenvoetbal Heerenveen al langer de winsk hie om talintfolle fuotbalfamkes better op te lieden en te begelieden. De akademy sil neist it oplieden ek eveneminten en trainings foar ferienings organisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)