Fuotbal sjen op skoalle

11 jun 2010 - 15:08
  • De Nieuwe Oosterstraat yn Ljouwert yn WK-kleuren

Foar guon Friezen wurdt it moandei dreech om de holle by de les of by it wurk te hâlden. It Nederlânsk alvetal spilet dan de earste wedstriid op it WK-fuotbal yn Súd-Afrika. In soad bedriuwen en ynstellings lizze harren der by del troch te regeljen dat in part fan de minsken of sels iderien de wedstriid sjen kin.

Yn it Drachtster Lyceum hingje grutte skermen. By de gemeente Smellingerlân kin it persoaniel de wedstriid yn 'e kantine folgje yn de kantine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)