Fuotbal op Omrop noch ûnwis

11 mrt 2008 - 12:26

It is noch net dúdlik oft Omrop Fryslân takom seizoen op moandei de wedstriden fan SC Hearrenfean op de buis bringe kin. Yn de oerienkomst oer de fuotbalrjochten mei de NOS stiet dat de regionalen pas nei 72 oeren bylden op it skerm bringe meie.

Mar neffens Hearrenfean-direkteur Yme Kuiper is it oan de NOS en de clubs om út te meitsjen oft dêr oan fêsthâlden wurdt. De kommende wiken sil dêroer mear dúdlikens komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)