Fuotbal basisskoallen los

12 mrt 2014 - 17:40
  • Fuotballerkes yn aksje
  • Fuotbalje mei moai waar

Yn Ljouwert binne de earste wedstriiden fan it Cruyff Courts kampioenskip spile. Oan it toernoai dogge 32 teams mei en woansdei ha de earste 16 teams harren wedstriden spile. It toernoai is organisearre troch de gemeente Ljouwert en BV Sport en stiet yn it teken fan respekt. Nije wike sille de folgjende 16 teams oan bar wêze en de wike dêrop sil de finaledei wêze. De winnaar fan it toernoai giet troch nei de folgjende ronde yn Grins. Uteinlik wurdt de grutte finale yn Amsterdam spile, dan komme der ek teams út it bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)