Fuortbestean Theaterkemissy Sint-Anne is ûnwis

03 sep 2015 - 15:37

De Theaterkemissy fan Sint-Anne hâldt der nei alle gedachten mei op. It hjoeddeistige bestjoer wol net mear fierder en wachtet op oanmeldings fan nije leden.

Yn 2007 waard de theaterkemissy oprjochte troch Dick Nauta, Mariet Spiertz en Jos Pieters om toaniel, teater, ballet en muzyk te promoatsjen yn Sint-Anne. Ek in spesjale Kulturele Aginda waard yntrodusearre foar krante en ynternet. Mar it gebrûk fan de aginda en de opkomst by optredens en foarstellings foel bot ôf.

Dêrtroch waard der ek net genôch jild fertsjinne om de inisjativen te beteljen. Dochs hopet it bestjoer dat nije leden har oanmelde, sadat de kulturele foarsjennings net ferdwine út it doarp. Nije leden kinne harren oanmelde oant 10 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)