Fuortbestean Koornbeurs faai

16 nov 2007 - 13:21

Frjentsjer ferliest syn teater en dat komt ek net wer werom. Dat is de reaksje fan it bestjoer fan de Koornbeurs yn Frjentsjer op de útkomst fan de riedskommisje tongersdei. Yn de gearkomste die bliken dat de Koornbeurs net hoecht te rekkenjen op 60-tûzen euro ekstra.

De gemeenteried wol besunigje, ek al om't der de lêste jierren al folle faker jild by moast. Dizze besuniging is lykwols ûnmooglik seit it bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)