Fuort boetes by oerlêst âld en nij

16 nov 2011 - 13:36

It Iepenbier Ministearje dielt by de jierwiksel foar it earst fuortendaliks boetes út. It giet om lytsere fergripen lykas fernielings of misledigings. Minsken dy't sa'n oertreding dogge, krije op it plysjeburo in akseptgiro.

By gruttere fergripen moatte de fertochten foarkomme op in spesjale sitting, dy't 6 jannewaris hâlden wurdt. Dat is woansdei bekend makke op in parsekonferinsje oer de oanpak troch justysje en helpferlieningstsjinsten fan âld en nij. Dy helpferlieningstsjinsten kieze foar deselde oanpak as ferline jier. Dat betsjut dat der 40 ambulânses klearstean, 300 plysjes en 200 brânwachtminsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)