Fûns foar skea fundearring

17 des 2010 - 19:00
  • It provinsjehûs yn Ljouwert

De provinsje komt mei in fûns foar minsken mei skea oan fundearrings yn it feangreidegebiet. Yn it fûns komt in bedrach fan 11 miljoen euro. Dat jild is bedoeld foar 220 dupearren. Dy kinne maksimaal 10.000 euro liene, mei in rinte fan 2 persint.

De belange-organisaasje is bliid mei it fûns. Wurdfierder Van den Brink fynt allinnich dat it probleem net oplost wurdt. De húseigners moatte noch hieltyd sels de skea betelje oan de huzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)