Fûns foar pealrotskea

06 maaie 2009 - 23:06

Hûseigners yn Súdwest-Fryslân dy't troffen binne troch pealrot krije in fergoeding fan de provinsje. In steatekommisje wie it der woansdei unanym oer iens dat der op koarte termyn in skeafûns komme moat.

Hoefolle jild der yn it potsje komt is noch net dúdlik en wêr't it jild weikomme moat ek net. Yn Súdwest-Fryslân is de fundearring fan goed 400 huzen troch pealrot oantaaste. Nochris trijetûzen wenten soene bedrige wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)