Fûns foar lânskipsûnderhâld

11 mrt 2010 - 13:56

By Oranjewâld en Ketlik komt in proef foar lânskipsûnderhald. Dêr wurdt in nij fûns foar oprjochte. Boeren en grûneigners krije der seker tritich jier lang in bydrage út.

It jild komt foar trijefjirde fan oerheden en de rest út oare boarnen lykas banken. De provinsje stekt der dit jier en takom jier mei-inoar mear as in miljoen euro yn, de gemeente Hearrenfean mear as seis ton. Slagget de proef, dan wol de provinsje ek op oare plakken sa wurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)