Funny walks en kultuer

12 jun 2004 - 00:00

Tusken Easterwierrum en Boazum wienen sneon de Funny Walks te sjen. Fyftjin âldere mannen boppe de 40 jier rûnen wol hiel nuver oer de Slachtedyk. Under har ek deputearre Piet Bijman. Se hienen allegearre in swart pak oan. Har coach Jenny Nijkamp wie der ek by.

Kuierders koenen ûnderweis fan mear kultuer genietsje. Der wie muzyk, byldzjende keunst, dûns. Sa no en dan wie ek it spesjaal skreaune Slachteliet te hearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)