Fûneminten bedrige kolleksje

19 jul 2001 - 00:00

De fûndearring fan in jeneverstokerij yn it Hannemahûs giet stadichoan ferlern. In jier lyn binne de fûneminten út de 17e ieu bleat lein yn it Harnzer museum. It focht lûkt út de stiennen dy't dêrtroch ôfbrokkelje.

It focht is in gefaar foar de kolleksje. De konservator wol de stiennen ôfdekke mei keunsthars. De kosten, goed 40.000 gûne, wurde troch de gemeente betelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)