Fûn guod nei Kringloop Grou

24 sep 2010 - 19:49

Guod dat fûn en net wer ophelle wurdt yn de gemeente Boarnsterhim giet tenei nei de Kringloopwinkel yn Grou. Guod dat minder as 450 euro wurdich is wurdt trije moanne bewarre troch de gemeente, guod dat djoerder is as 450 euro wurdt in jier bewarre.

Sa lang hat de eigner de tiid om it op te heljen. Hat dan noch net ien syn eigendom wer opfrege, dan mei de finer it ha. As dy der gjin belang by hat, dan giet it nei de Kringloopwinkel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)