FUMO-kantoar komt yn Grou

12 feb 2013 - 17:22

De nije mienskiplike miljeutsjinst fan de Fryske gemeenten komt yn Grou. De FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing) krijt in kantoar op it gemeentehûs fan Boarnsterhim. Omdat de nije tsjinst sa goedkeap mooglik wurkje moat, is keazen foar de goedkeapste lokaasje.

Yn de FUMO wurkje de Fryske gemeenten, de provinsje en it wetterskip gear op it mêd fan hanthavening en fergunningferliening op it mêd fan miljeubelied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)