Fûllearjen Ljouwert giet troch

17 feb 2010 - 12:05

De plysje mei in jier langer previntyf fûllearje yn de binnenstêd fan Ljouwert om sa ferbeane wapens te finen. Dat hat it kolleezje. It previntyf fûllearjen bestiet sûnt 2004. It tal strjitrôven is sûnt dy tiid ôfnommen, it tal bedrigingen is frij stabyl en it tal mishannelingen is wat tanommen.

It kolleezje sprekt fan in sukses dat trochset wurde moat. De plysje hat ferline jier 5 kear fûlleard. Dêrby waarden 30 wapens yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)