Fûllearaksje yn Ljouwert

18 feb 2006 - 12:39

De plysje hat tongersdeitemiddei- en jûn yn de binnenstêd fan Ljouwert fjirtjin wapens yn beslach nommen by in fûllearaksje. Troch 15 aginten binne hast 340 minsken fûlleard en 14 auto's trochsocht. By de wapens gong it ûnder oaren om seis bûsmessen, twa flintermessen en in honkbalknuppel.

Fierder is in 22-jierige man út Ljouwert oanhâlden op it Saailân mei twa boltsjes kokaïne en fjoerwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)