Fûle striid om foarsitterskip

04 okt 2012 - 12:28
  • Fryske flagge

Op de jiergearkomste fan minderhedenetwork NPLD yn Corti op Korsika is in spannende striid oan de gong om it foarsitterskip. Jannewietske de Vries en de Korsikaanske minister fan kultuer Pierre Ghionga binne beide kandidaat.

Om har kandidatuer te understreekjen is De Vries ôfreizge nei Korsika mei struibrieven yn it Ingelsk en Spaansk, dêr't se harsels yn foarstelt. Beide kandidaten krije in kertier om harsels te presintearjen. De Vries die dat yn fjouwer talen: Ingelsk, Fransk, Italiaansk en Spaansk.

It is dreech te foarsizzen hoe't de stemming utpakke sil. Fan NPLD binne tsientallen regio's en organisaasjes foar minderheidstalen lid. It NPLD wurdt finansjeel stipe troch de Europeeske kommisje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)