Fûle krityk op aksje Galema

09 feb 2011 - 10:56
  • Sjoerd Galema leit ûnder fjoer

De kommisje fan wizen dy't de weryndielings yn Fryslân ûndersykje moat, hat syn wurk dellein. De kommisje fynt dat in goed advys oer bygelyks de nije gemeente Friese Meren net mear mooglik is, troch útspraken fan deputearre Sjoerd Galema.

Dy sei as listlûker foar it CDA dat in part fan Skarsterlân nei Hearrenfean moat, om groei fan dy gemeente mooglik te meitsjen. Yntusken hat hy dy wurden offisjeel weromlutsen, mar dat is foar de kommisje fan wizen net genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)