Fûle brân yn wente Ljouwert

11 jan 2011 - 11:07

By in fûle brân yn in wenning oan de Wilgenstrjitte yn Ljouwert is in sliepkeamer útbaarnd. Bern ûntdutsen de brân. In man lei yn de wente te sliepen. Hy waard wekker troch syn bern en seach dat de boppeferdjipping fol swarte reek stie.

De brânwacht hat de brân útmakke, mar koe net foarkomme dat de sliepkeamer útbaarnde. De rest fan 'e wenning hie reekskea. In ambulânse hat de bewenner ûndersocht om't er reek ynaseme hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)