Fûle brân útbrutsen yn skuorre Nijewier

10 nov 2015 - 10:43

Ferskate brânwachtkorpsen hawwe tiisdeitemoarn in brân bestriden yn Nijewier. Dêr stie oan de Bredewei in lossteand hok yn de brân. De brânwacht wist lange tiid net wat opslein lei yn it gebou. Uteinlik die bliken dat der in himpkwekerij yn it gebou siet.

De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei njonkensteande houten hokken. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de brân. It fjoer wie om healwei tolven hinne ûnder kontrôle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)