Fûl debat oer Dok 18 Dokkum

26 nov 2010 - 07:37

De takomst fan teater Dok 18 yn Dokkum bliuwt ûnwis. De ried fan Dongeradiel debattearde tongersdei oer de kwestje, mar de koalysjepartijen besleaten nei fûle diskusjes dat se der foarearst net fierder oer yn debat wolle.

Dongeradiel hat begjin dizze moanne it kontrakt mei de eigner fan it teater opsein, omdat de gemeente net tefreden wie oer de gearwurking. De opposysje ferwyt it kolleezje dat dat de ried net goed op de hichte hâlden hat fan de aktuele ûntwikkelingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)