Fûken en streuper oppakt

06 maaie 2008 - 15:30

It Fiskstreuperijtiim Fryslân hat it ôfrûne wykein fjouwer fûken yn beslach nommen yn de Alde Mar by Westergeast. De eigner, in beropsfisker, hat in jildboete krigen. De fûken hiene gjin ûntsnappingsringen. Dat is wol wetlik ferplichte. De iel dy't yn de fûken siet, is troch it tiim frijlitten.

It fiskstreuperijtiim Fryslân bestiet út de Algemiene Ynspeksjetsjint, de plysje Fryslân, it Korps Lanlike Plysjetsjinsten en it Iepenbier Ministearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)