Fûillearaksje yn Ljouwert

10 jun 2011 - 10:24

By in fûillearaksje fan de plysje yn Ljouwert binne tongersdeitejûn en -nacht trije minsken oanhâlden en in mes yn beslach naam. Der waarden 49 minsken en 3 auto's kontrolearre.

In 23-jierrige Ljouwerter waard oanhâlden nei't hy drugs yn it wetter smiten hie. In 18-jierrige Ljouwerter dy't him mei de oanhâlding bemuoide waard ek oppakt. In 38-jierrige Ljouwerter waard oanhâlden om't hy noch in finzenisstraf útsitte moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)