Fûgelwachten moatte nêsten telle

06 mrt 2004 - 00:00

De provinsje ropt alle fûgelwachten op it tal fûgels en nêsten goed te tellen. Dy oprop die deputearre Andriesen. Net inkeld om't de provinsje de gegevens nedich hat om se oan it ministearje troch te jaan. Mar ek om tsjinstanners fan it aaisykjen gjin kâns te jaan it wurk fan it bûn dwers te sitten.

As Brussel it goedkart, hat de provinsje 60.000 euro beskikber foar boeren dy't frijwillich greidfûgels beskermje. Dat betsjut 1500 nêsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)