Fûgelwacht sit yn oer sike dowen

13 sep 2002 - 00:00

De Fûgelwacht yn Ljouwert makket him soargen oer de dowen yn de stêd. Neffens de Fûgelwacht is in grut part fan de bisten siik. Dat komt ûnder oaren troch ferkeard iten, ynteelt en ûngedierte. Ofsjitte fan in part fan de populaasje is ien fan de maatregels dy't de Fûgelwacht nimme wol.

De gemeente sjocht gjin oanlieding foar in oar belied. Der is ek gjin jild foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)