Fûgeltaksy foar Fûgelpits

15 maaie 2013 - 12:27
  • De fûgeltaksy fan de Fûgelpits

De Fûgelpits by Moddergat hat woansdei in fûgeltaksy yn gebrûk nommen. Dy is oantúgd omdat der yn Noardeast-Fryslân gjin inkelde biste-ambulânse rydt. Minsken dy't in berop dogge op de taksy wurdt om in lytse fergoeding frege, mar der binne ek sponsors nedich om de taksy eksploitearje te kinnen en dy wurde noch socht.

De earste kosten, sa'n 2500 euro, binne troch de frijwilligersorganisaasje sels betelle. Neffes Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits is der ferlet fan sa'n taksy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)