Fûgelstân Flylân op peil

29 aug 2010 - 16:59
  • Leppelbekken op Flylân

De koloanjes briedfûgels op Flylân lykje harren goed te werstellen fan it yllegaal loslitten fan foksen op it eilân foar it foarige briedseizoen. Dat seit Erik Saaltink fan Steatsboskbehear op it Waadeilân.

Op ien foks nei binne alle foksen opromme. It foarige briedseizoen binne sa'n trijetûzen nêsten ferlitten trochdat der foksen mei jongen op it eilân sieten. Dit briedseizoen briede der al wer mear leppelbekken as ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)