Fûgelspotter fêst yn boskjes

08 okt 2012 - 12:35
  • Rêdingsaksje fûgeltsjeman op Flyhors

It spotten fan in bysûndere fûgel is in fûgeltsjeman op Flylân en de Flylânske plysje snein djoer te stean kaam. De fûgelman kaam fêst te sitten yn de boskjes en de plysje dy't de man rêde soe, ek. De Kaspyske readboarsttapút wie de oarsaak fan dat alles. De fûgeltsjeman soe it bist op 'e foto sette en kaam doe fêst te sitten yn de modder en de dúndoarnstrûken op de Flyhors. Hy belle de plysje en dy kaam ek fêst te sitten, mar koe mei pine en muoite loskomme.

Der kamen wol fyftich fûgeltsjeminsken op de bysûndere fûgel ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)