Fûgels teld yn de provinsje

08 okt 2006 - 13:53

Op fiif plakken yn Fryslân ha frijwilligers sneon tûzenen fûgels teld op de World Birdwatch. Yn hiel Nederlân diene sa'n hûndert fûgelwurkgroepen oan dit ynternasjonale barren mei.

Frijwilligers by Terwispel telden mear as 1500 fûgels en de rôffûgelwurkgroep Weststellingwerf telde ek likernôch sa folle yn de Lindevallei yn Wolvegea. De protter is it faakst teld, dêrnei komme de ljip en de skiere goes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)