Fûgels ferdwine by Snitser mar

24 jan 2003 - 00:00

It giet min mei de natuer by de Snitser mar. Dat docht bliken út ûndersyk fan Steatsboskbehear nei de natuergebieten by de mar.

Yn guon fan de ûndersochte gebieten is der fan de karakteristike stân fan de greidefûgels net mear in soad oer. Dat soe neffens ûndersiker Kleefstra komme om't de wetterhichte yn de Fryske boezem te stabyl is. In oplossing is it feroarjen fan de wetterstân, oars meane en oars dongje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)