Fûgels en foks fergiftige

17 jan 2011 - 10:46

By Oerterp binne dit wykein bisten fergiftige. In foarbygonger fûn by de sportfjilden in deade mûzefalk. De plysje trof dêrnei yn 'e buert noch in deade mûzefalk oan, in deade krie en in deade foks. Se binne ombrocht mei in ferbean bestridingsmiddel. Dat waard fûn op it karkas fan in goes yn 'e buert fan de deade bisten. De deade goes waard as ies brûkt foar de oare bisten.

De plysje hat in buertûndersyk dien. Dat hat oant no ta noch neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)