Fûgelpits net nei België

27 jan 2003 - 00:00

Meiwurkers fan De Fûgelpits yn Eanjum sille net nei België ta te helpen. Gaatske Wiersma en har kollega's sille no 500 fan de 1500 yn België oanspielde fûgels yn it eigen opfangsintrum fersoargje. De bisten binne slachtoffer fan de ramp mei it frachtskip Tricolor.

De Belgen woene de fûgels yn eigen lân opfange, om de needsaak fan fûgelasyls ôf te twingen. Wiersma seach dat net sitten. Neffens har kinne de fûgels better yn Eanjum behannele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)