Fûgelpits makket rampeplan

04 jun 2007 - 17:49

De Fûgelpits yn Moddergat wurket mei oare fûgelopfangsintra en Rykswettersteat oan in rampeplan foar seefûgels. Yn it plan stiet wat de krekte rol fan de opfangstasjons is by bygelyks in oaljeramp.

Op it stuit wurdt wurke oan de lêste details fan it rampeplan dat ein dit jier klear wêze moat. Nei alle gedachten sil Rykswettersteat de opfang fan fûgelslachtoffers folslein finansiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)