Fûgelpits lit einen frij

29 feb 2008 - 14:30
  • 130 oaljeslachtoffers binne wer better

By de fûgelpits yn Moddergat wurdt moandei de earste groep fan 130 swarte see-einen loslitten. De swarte einen waarden begjin febrewaris slachtoffer fan in oaljeloazing by de Dútske waadeilannen. De fûgels sitte al yn in koai bûtendoar mei netten deroerhinne. Dy netten wurde der moandei ôfhelle en dan kinne de fûgels sels fuortfleane.

Neffens natuerorganisaasjes binne begjin dizze moanne wol 10.000 fûgels slachtoffer wurden fan de oalje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)