Fûgelpits lit 130 fûgels los

03 mrt 2008 - 15:49

De Fûgelpits hat moandeitemoarn 130 Dútse oaljeslachtoffers wer hielendâl sûn fuortfleane litten. De fûgels wiene in moanne lyn yn it Dútse Waadgebiet ûnder de oalje kaam. Mar omdat Dútslân it nut fan 'e opfang net ynsjocht binne de bisten nei Moddergat brocht. De fûgelpits wol it Dútse regear sjen litte dat it opheinen en skjinmeitjsen fan fûgels wol sin hat.

It is foar it earst dat sa'n grutte groep yn ien kear loslitten wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)