Fûgelhut Akkrum yn gebrûk

17 sep 2011 - 09:54
  • Foto's: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De fûgelwacht fan Akkrum hat freed de fûgelhut by de Bokkumermar offisjeel oerdroegen krigen. De hut stiet op grûn fan Steatsboskbehear, mar is bedoeld foar de fûgelwacht. Harren frijwilligers binne hiel aktyf foar de greidefûgels by de boeren. Oare natuerleafhawwers binne fansels ek wolkom yn fûgelhut.

By de oerdracht fan de hut waarden in tal fûgels fan de Fûgelhelling frijlitten. It gie om in mûzebiter, in wikeltsje en twa ûlen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)