Fûgelhûs Piaam moat ticht

27 jan 2010 - 20:16

It Fûgelhûs yn Piaam moat ticht. Dat hat de Stichting Aldfaers Erf Route besletten. Der komme net genôch besikers mear om it museum iepen hâlde te kinnen.

Ferline jier kamen der mar 4500 minsken om de opsette bisten te sjen. Yn it ferline wiene dat mear as twa kear safolle. It gebou stiet yntusken te keap en foar de opsette bisten yn it museum moat in nij plakje socht wurde. De stifting hopet dat oare musea de bisten oernimme wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)