Fûgelgryp yn Tsjom

03 aug 2013 - 09:29
  • Dizze plomfeehâlderij wurdt romme
  • By dizze plomfeehâlderij rinne de hinnen ek bûtendoar

By in bedriuw mei lishinnen yn Tsjom is de fûgelgryp útbrutsen. It giet om in bedriuw mei 9000 hinnen. Neffens it ministearje fan Ekonomyske Saken giet it nei alle gedachten om de mylde H7-fariant fan de fûgelgryp. Alle 9000 hinnen wurde romme. Dat wurdt dien troch de Voedsel- en Warenautoriteit. Fan sneontemoarn 9 oere ôf jildt der yn in straal fan ien kilometer om it bedriuw hinne in ferfierferbod fan aaien, hinnen en dong út hinnestallen.

It troffen bedriuw leit tusken Frjentsjer en Tsjom. Yn it gebiet lizze gjin oare plomfeebedriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)