Fûgelgryp risiko foar eksport

04 aug 2013 - 16:11
  • Buorkerij

De útbraak fan fûgelgryp yn Tsjom driget grutte gefolgen te hawwen foar eksport fan plomfeeprodukten út Fryslân. Dêrby is foaral de opstelling fan Ruslân wichtich. Dat lân hat dit jier al trije kear in ymportferbod ynsteld foar hinneprodukten út Nederlânske provinsjes dêr't fûgelgryp útbruts. De skea dêrtroch foar de hiele sektor rint yn de papieren. It kin wol om 40 miljoen euro gean.

Ruslân is wichtich foar de plomfeehâlderij yn Fryslân. As Ruslân de grinzen slút, dan kostet dat tonnen, seit Piet Faber fan LTO Noard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)