Fûgelgryp komt tichteby, no ek gefal by Swolle

21 nov 2014 - 10:24

De fûgelgryp komt hieltyd tichteby Fryslân. Der is in nij gefal fan de sykte bekend yn Kamperveen. Dat leit yn Oerisel tusken Swolle en Kampen. It ministearje fan Ekonomyske Saken hat dat offisjeel bekendmakke.

Yn ferbân mei de útbraak fan fûgelgryp yn it Súd-Hollânske Ter Aar is der in nij ferfiersferbod ôfkundige. Ek moatte bisten ferplicht ophokt wurde. De útbraak yn Kamperveen is it tredde gefal yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)