Fûgeleilân Snitsermar ophege

09 des 2013 - 15:56

It skiereilân tusken de Gauster Hoppen en de Snitsermar wurdt ophege mei baggerspeesje. De wâlskanten driigje te ferdwinen troch de wyn en de golven. Troch it eilân op te heegjen bliuwt it eilân beskikber as winterrêstgebiet foar fûgels. De Gauster Hoppen is ien fan de winterrêstgebieten fan Fryslân.

De bagger dy't brûkt wurdt, komt fan it Prinses Margrietkanaal by Terherne. It kanaal wurdt de kommende moannen útbaggere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)