Fûgelbeskerming tsjin aaisykjen

19 jan 2016 - 13:11
  • In broedsje ljipaaien

Fûgelbeskerming Nederlân hat de provinsje oproppen om gjin ûntheffing te ferlienen foar it opkrijen fan ljipaaien. Neffens de fûgelbeskerming giet it min mei de ljip. It tal ljippen naam yn 20 jier tiid mei 40% ôf.

De aaisikers binne neffens de organisaasje net de wichtichste oarsaak foar it tebekrinnen fan de stân. It opkrijen fan de aaien makket it der lykwols net better op. De organisaasje ropt dêrom op ta it ûntwikkeljen fan in tradysje dy't past by dizze tiid.

De Fûgelbeskerming wol no om de tafel mei it Bûn fan Fryske Fûgelwachten en mei de organisaasje Kening fan de Greide om ta in nije ynfolling fan de tradysje te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)