Fûgelbeskerming: 'net sjitte'

17 feb 2008 - 10:50
  • Fryslân is in wichtich gebiet foar guozzen dy't oerwinterje

Guozzen dy't oerwinterje yn Fryslân moatte net mear ôfsketten wurde. Alle boeren dy't skea fan de guozzen hawwe, moatte dêr in fergoeding foar krije. Dat hat ûndersiker Toon Voets snein sein by de VARA.

Twa jier lyn waarden yn de winter allinnich yn Fryslân al 20.000 kolguozzen ôfsketten. De sifers fan de lêste jierren binne noch net bekind, mar de fûgelbeskerming tinkt dat de sifers no noch heger lizze sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)