Fûgelbeskerming: "Hegere molkpriis foar greidefûgelboeren"

20 mrt 2016 - 12:06

Boeren dy't in soad dogge om de greidefûgels te beskermjen, moatte dêrfoar beleanne wurde mei in hegere molkpriis. Dat fynt Vogelbescherming Nederland. Dy is in kampanje begong ûnder de namme 'Melk van de Rijke Weide'. De fûgelbeskerming ropt supermerken op om dy molke yn de skappen te setten.

Fia de webside fan de fûgelbeskerming kinne minsken in kaart stjoere oan de supermerk mei dit boadskip. Neffens de fûgelbeskerming kin elke boer syn molkproduksje prima kombinearje mei greidefûgelbehear.

Dat kin bygelyks troch minder te bedongjen, in part fan it lân wiet te hâlden en wylde krûden en blommen stean te litten. Letter meane helpt ek. Foar de boer betsjut dit in legere molke-opbringst en dêrom moat er mear jild krije foar syn molke, sa bepleitet Vogelbescherming Nederland. Dy seit dat konsuminten wol ree binne om mear te beteljen foar sokke molke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)