Fûgelbeskerming: gjin wynmûnen

07 maaie 2001 - 00:00

Fûgelbeskerming Nederlân is der op tsjin dat der by de Ofslútdyk 200 wynmûnen komme. Dat hat de feriening moandei oan minister Pronk dúdlik makke.

Neffens de fûgelbeskerming binne de wynmûnen skealik foar fûgels yn de Waadsee en de Iselmar. Tûzenen soene troch de wjukken fan de turbines fermeald wurde. It regear wol pleatsing fan wynmûnen by de Ofslútdyk tastean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)