Fûgelbeskerming draait by

12 feb 2003 - 00:00

De Nederlânske fûgelbeskerming stelt har miening oer it aaisykjen by. Se hat in diel fan har beswieren farre litten. Wol fynt de fûgelbeskerming dat it tal aaien dat ien meinimme mei, omleech moat.

No mei in aaisiker fan de provinsje fyftjin ljipaaien meinimme. Dat betsjut sa'n 70.000 yn it jier. Dat oantal is de fûgelbeskerming te heech. De kollega's fan de Faunabescherming bliuwe noch folslein tsjin it sykjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)