Fûgel mei pylk yn 'e poat

22 apr 2010 - 10:33

De plysje yn Drachten siket minsken dy't mear witte oer in ein dy't besketten is mei in krúsbôge. Plysjes en meiwurkers fan 'e diere-ambulânse fûnen it bist woansdei op it Grasland yn Drachten mei in pylk yn 'e poat.

De plysje giet derfan út dat it bist besketten is tusken tiisdeitemiddei en woansdeitemiddei twa oere. Minsken dy't wat sjoen hawwe, wurdt frege de plysje te beljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)