FUEN-kongres nei Fryslân

26 sep 2000 - 18:27

De FUEN, de Federaasje fan Europeeske Folksgroepen, hâldt yn maaie 2001 in grut kongres yn Fryslân. Fan 'e FUEN binne 68 organisaasjes yn 30 lannen lid.

De FUEN komt yn hiel Europa op foar de rjochten fan taalminderheden. It is foar de twadde kear dat se harren kongres yn Fryslân hâlde, de earste kear wie yn 1950. De Ried fan de Fryske Beweging hat it kongres nei Fryslân helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)