FSU wol meldpunten foar fragen oer soarch, wurk en ynkommen

19 des 2014 - 17:42
  • Website FSU

It Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden pleitet foar in ûnôfhinklik meldpunt yn alle gemeenten yn Fryslân. Dêr kinne minsken telâne mei harren problemen en fragen oer de desintralisaasje fan de âldereinsoarch, jeugdsoarch en wurk en ynkommen.

No't de gemeenten dizze taken oernimme fan it Ryk, ferwachtet it FSU dat boargers in soad fragen hawwe. De meldpunten moatte dit bondelje, om gemeenten te advisearjen oer knipepunten en de oplossings dêrfan. Boppedat kin it meldpunt minsken helpe by har syktocht nei help en antwurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)