FSU lilk oer fragelist UWV

29 maaie 2004 - 00:00

It Frysk gearwurkingsferbân foar minsken mei in útkearing, FSU, is lilk op it UWV. De útkearingsynstânsje hat in part fan syn klanten in frageformulier tastjoerd. Op it formulier steane mei inoar 350 fragen.

It UWV freget dêrby ek nei persoanlike opfettings fan minsken. Ien fan de fragen giet bygelyks oer hoe't oer agresje tocht wurdt. It FSU fynt dat it UWV dêr neat mei nedich hat en neamt it ûndersyk 'skandalich'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)